Man naait út nei oanriding

© Omrop Fryslân
De plysje yn Ljouwert hat yn de nacht nei sneon in 47-jierrige man út de haadstêd oanholden op fertinking fan it útnaaien nei in oanriding en riden ûnder ynfloed. De fertochte ride op de Hobbemastrjitte tsjin in parkearde auto. De man stapte derop út, rûn fuort en liet syn ynsittende achter.
De plysje koe de fertochte letter oanhâlde yn syn wente. De man syn rydbewiis waard ynnaam en hy krige in rydferbod fan alve oeren.