Himpkwekerij oprôle Ljouwert

12 jan 2008 - 14:29

De plysje yn Ljouwert hat tongersdeitemiddei in hennepkwekerij oprôle oan de Oostergrachtswâl yn de stêd. Dit nei oanlieding fan in tip.

It pân stie leech. Achteryn it gebou waarden 420 planten oantroffen. Op it momint fan de ynfal wie der gjin ien yn it pân. Der binne oant no ta gjin fertochten oanholden. De plysje docht noch fierder ûndersyk. De planten binnen yntusken ferneatige.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)