Kramer dielt fikse tik út

12 jan 2008 - 12:27
  • Sven Kramer (argyffoto Martin de Jong)

Sven Kramer is mei in persoanlik rekord en in earste plak op de 500 meter it Europeesk Kampioenskip Allround goed begûn. Yn it Russyske Kolomna wûn hy mei in tiid fan 36,20 sekonden. Kramer bleau Niedzwiedzki ien hûndertste foar. Konkurrint Fabris wie 56 hûndertsten stadiger as Kramer.

Ek Wouter Olde Heuvel ried in persoanlik rekord. Hy waard fjirde mei 36,74 sekonden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)