Drost ferhierd oan NEC

12 jan 2008 - 11:54

Hearrenfean-spiler Jeroen Drost wurdt foar de rest fan dit seizoen ferhierd oan NEC. De linkerferdediger komt dit jier by Hearrenfean net oan spyljen ta. Ferline jier spile hy noch 13 wedstriden yn it earste alvetal.

Drost woe graach nei in oare klub, om him sa sjen te litten foar it Olympyske alvetal. NEC stiet op dit stuit fjirtjinde yn 'e kompetsyje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)