Leenstra twadde op 500 meter

12 jan 2008 - 11:43
  • Marrit Leenstra (foto: Martin de Jong)

Marrit Leenstra is op it Europeesk Kampioenskip yn Kolomna twadde wurden op de 500 meter. Dêrmei wie se bêste Nederlanner. Mei in tiid fan 39,26 sekonden wie se twa hûndertsten stadiger as de winnares Lobysjeva.

Van Deutekom waard tredde mei in tiid fan 39,40. Wüst wie hiel teloarsteld oer har eigen prestaasje; se waard fjirde mei in tiid fan 39,43. Titelhâldster Sábliková waard alfde, Groenewold wie tolfde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)