Kramer yn lêste rit op 5 km

© Omrop Fryslân
Reedrider Sven Kramer rydt sneon by it Europeesk kampioenskip allround yn it Russyske Kolomna op de 5 kilometer yn de lêste rit tsjin teamgenoat Wouter Olde Heuvel. Dat is freed by de lotting bepaald.
De titelfavoryt út Aldskoat is dêrtroch yn it foardiel, omdat hy him sa rjochtsje kin op de tiden fan de konkurrinten Enrico Fabris en Havard Bokko. Dy komme yn de beide ritten foar Kramer yn aksje.