Nei Den Haach foar OK yn Harns

© Omrop Fryslân
In grutte delegaasje út NW-Fryslân stapt tiisdei op de bus foar in reis nei Den Haach om sa in operaasjekeamer foar Harns te behâlden. Soarchgroep Noorderbreedte moat besunigje omdat se folle minder jild krije fan it Ryk. Ien besunigingsmaatregel is it sluten fan de operaasjekeamer.
Nei in ynformaasjejûn ferline jier yn Harns waard ôfpraat dat in brede delegaasje de 11000 hantekens foar de OK nei Den Haach brenge sil.