Dútse havens tsjin erfgoed

11 jan 2008 - 17:23

De havenbedriuwen fan de Dútse stêden Hamburg, Bremen en Cuxhaven binne tsjin de nominaasje fan de Waadsee as Wrâlderfgoed. De havenbedriuwen binne bang dat de havens beheind wurde yn de ûntwikkeling as de Waadsee de status fan Wrâlderfgoed krijt. Se tinke dat der dan strengere maatregels komme sille om de Waadsee te beskermjen.

It Nederlânske kabinet hat yn desimber al besletten om de Waadsee te nominearjen foar dizze status.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)