Kuiper: Alves wol net nei AZ

11 jan 2008 - 17:11

Alves hat hielendal gjin kontrakt tekene by AZ. Dat hat Alves oan Yme Kuiper fan sportklub Hearrenfean ferteld. Neffens AZ is der in arbeidsoerienkomst tusken AZ en de Braziliaan, mar Kuiper krige tongersdeitenacht in faks út Brazilië fan Alves wêryn't stiet dat hy noch gjin arbeidsoerienkomst hat mei AZ.

AZ spant in spoed-arbitraazjesaak oan tsjin It Fean, omdat dy it oerskriuwingsformulier net tekenje wol

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)