Jackpot op steatslot út Snits
Snits liket in geloksstêd foar minsken dy't meidogge oan in lotterij. Earder dizze wike wûn immen dêr 2,6 miljoen euro mei de postkoade lotterij.
Nijskrekt is ek de jackpot fan de Steatslotterij yn Snits fallen. De priiswinner krijt 2,4 mijoen euro, en dat ek noch belestingfrij.