Houtoven De Sweach iepen

© Omrop Fryslân
De houtferbrâningsoven op De Sweach is iepen. De ynstallaazje soarget foar de waarmtefoarsjennings fan de skoalle Lyndensteyn en it revilidaasjesintrum Friesland dat yn itselde gebou sit.
Yn in straal fan 15 kilometer om Beetstersweach hinne wurdt hout sammele. Dat hout wurdt dan yn in oven ferbrând. Mei buizen wurdt it waarme wetter transportearre nei de skoalle 500 meter fierder op.