Machiela wer bêste supermerk

de bêste Fryske Super de Boer (foto: Martin de Jong)
De supermerk fan Henk Machiela op De Jouwer is útroppen ta de bêste supermerk fan Fryslân. De supermerk stiet dêrtroch ek yn de finale fan de ferkiezing Supermerk fan it jier 2008.
De supermerkferkiezing wurdt ien kear yn de twa jier organisearre en is in inisjatyf fan de supermerkenbransj en de itensyndustrie. In winkelier dy't him oanmeld foar de ferkiezing wurdt besocht en beoardiele troch panels fan konsuminten en deskundigen.