Nije ynlitslús by Boarnwert

11 jan 2008 - 14:41

De bou fan de nije ynlitslús by Boarnwert, noardlik fan Dokkum, is ein dizze moanne klear. It giet om de slús dy't bekend stiet ûnder de namme Damsyl. Wetterskip Fryslân is oktober begûn mei de wurksumheden. De âlde slús foldie net mear oan de technyske easken en wie net feilich mear.

De lêste jierren wurdt de slús hieltyd faker brûkt om oerstallich wetter ôf te fieren nei it gemaal Dongeradielen by Easumasyl.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)