30 april kostet in pear ton

© Omrop Fryslân
De organisaasje fan Keninginnedei kostet de gemeente Frjentsjerteradiel nei alle gedachten inkelde tonnen. Dat seit boargemaster Haveman. Neffens Haveman binne der al in soad ideeën, mar it krekte programma is noch geheim. Wol is dúdlik dat Keninginne Beatrix en har gefolch in kuier fan in lytse kilometer meitsje troch it sintrum fan de stêd.
Hoefolle de besite de gemeente krekt kostjen wurdt yn febrewaris dúdlik.