Wer gjin winst foar Aris

10 jan 2008 - 22:40

Basketbalklub Aris Friesland komt mar net oan winnen ta. Yn Rotterdam waard tongersdeitejûn mei 86-71 ferlern. Aris wie net folle minder, mar joech de wedstriid yn it twadde kwart fuort. De Rotterdammers rûnen doe 20 punten út. Aris kaam noch wol werom oant seis punten, mar dat wie net genôch.

By Aris spile Roy Blooker wer mei. Rein van der Kamp, dy't nei in lange blessuere foar de twadde kear mei die, waard topskoarder mei 19 punten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)