Fryslân krijt ynternetplysje

10 jan 2008 - 21:41

De Fryske plysje krijt in meiwurker dy't kriminaliteit op ynternet yn 'e gaten hâldt. It oandiel fan ynternet oan de kriminaliteit wurdt ek yn Fryslân grutter. At der minsken bedrige wurde gebeurt dat hieltiden faker fia ynternet of mei in SMS'ke.

De nije meiwurker wurdt ynskeakele om de dieders fan sokke bedrigings te finen, mar moat bygelyks ek yn 'e gaten hâlde oft der stellen guod oanbean wurdt op ferkeapsiden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)