Fryske wettersport op SBS6

Snein is by SBS6 de earste ôflevering fan it programma 'Lekker weg op het Water' te sjen. Dêryn wurdt omtinken jûn oan de mooglikheden foar wettersport yn Fryslân. It giet ûnder oare om de routes dy't der folge wurde kinne, it hieren fan boaten en nijsgjirrige saken oan de wâl.
'Lekker weg op het Water' bestiet út acht ôfleverings. It programma wurdt makke troch Endemol yn gearwurking mei it toeristysk buro Fryslân Marketing.