112 foar mear as ûngelokken

10 jan 2008 - 17:13

It alarmnûmer 112 moat net inkeld foar it melden fan ferkearsûngelokken brûkt wurde, mar ek foar oare saken. De plysje begjint mei in kampanje om it publyk dêrop te wizen. Yn twa gemeentes komt ûnder oare in proef mei boargernet. Dêrmei wol de plysje telefoanysk help krije fan boargers. It giet om Dantumadiel en Ljouwert. Fierders wurde minsken dy't fanwege it wurk in soad ûnderweis binne ek frege saken troch te beljen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)