Balkonferbod yn Sint Anne

© Omrop Fryslân
Bewenners fan in nij soarchkompleks by de Albert Heijn yn Sint Anne meie net op de balkons komme as it gebou klear is. De supermerk jout te folle leven.
Soarchgroep Noorderbreedte hat de bouplannen oanpasse moatten, nei beswieren fan de supermerkeigner en oare pleatslike ûndernimmers. Troch in protest by de Rie fan Steat leit de bou no al moannen stil, foar de helte klear. De soarchgroep hat in nije bouoanfraach yntsjinne.