Le Roy krijt Bennerpriis

10 jan 2008 - 14:49

Louis Le Roy krijt oare wike sneon de provinsjale Gerrit Bennerpriis út hannen fan deputearre Jannewietske de Vries. De takenning wie al yn septimber bekendmakke. De priis is foar Le Roy syn hiele oeuvre. Hy is benammen bekend fan syn lanskipskeunst. Yn 'e jierren tachtich hat er yn Mildaam in ekokatedraal makke fan pleintegels, klinkers en betonnen pealtsjes. Ek hat Le Roy in bysûndere kolleksje glês makke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)