Friesland Bank net mei Univé

De Friesland Bank sil net gearwurkje mei Univé
De Friesland Bank sil net gearwurkje mei Univé. Beide partijen wiene mei-inoar yn petear oer de fersekerings. De bank woe lytse fersekerings foar partikulieren en it midden- en lytsbedriuw by Univé ûnderbringe en dy op ynternet ferkeapje. It giet dan bygelyks om fersekerings foar auto en ynboedels. Dat giet no net troch.
Ynkoarten falt der wol in beslút oer gearwurking fan 'e Friesland bank mei in oare partij oer fersekerings.