Marc Mbuoa wer yn basis

Marc Mboua
Marc Mboua stiet mei Jurjen Bosch yn 'e basis fan de wedstriid fan Cambuur tsjin Omniworld. It is foar Bosch syn earste thúswedstriid yn it flaggeskip. In healjier lyn spile er noch by Wykels Hallum.
Cambuur mist yn de earste wedstriid nei de winterstop trije spilers. Marinus Dijkhuizen en Sandor van der Heide binne blesearre en Ferdinand Katipana is skorst. Cambuur stiet no op it lêste plak yn Jupiler League.