Flyers winne fan Den Haach

De Flyers winne fan Den Haach. Foto: Martin de Jong
De iishockeyers fan de Vadeko Flyers hawwe de thúswedstryd tsjin Den Haach woansdeitejûn wûn mei 4-1 (perioadestannen 1-0, 1-1 en 2-0). De wedstryd bleau lang spannend omdat de Flyers yn it begjin in soad kânsen misten en strafminuten oprûnen. Yn 'e tredde perioade koenen de Feansters lang om let it ferskil meitsje.
De Flyers bliuwe troch de oerwinning allinnich boppeoan stean. Snein is de wedstryd tsjin de nûmer twa Tilburch.