Waterpoorters fan it jier

Matthie Silvius-Van der Linden en Jacob Boonstra binne beneamd ta Waterpoorters 2012. Dat hat de Stichting Sneek Promotion bekend makke.
Matthie Silvius-Van der Linden set har al jierrenlang yn foar ferskate eveneminten yn Snits. Se is ûnder oare bestjoerslid fan Toanielselskip Teater Snits. Jacob Boonstra is bestjoerslid en ponghâlder fan de Vereniging van Sneeker Zakenlieden en aktyf yn ûnder oare aktyf yn de yntochtkommisje fan Sinteklaas en yn it ûndernimmersfûns Binnenstad Sneek. De huldiging is op moandei 16 april.