Gouden leeuwke foar Ten Hoeve

Hendrik ten Hoeve
Hendrik ten Hoeve hat woansdei in 'gouden leeuwke' krigen foar syn jierrenlange ynset fan de Iepen Monumintedagen yn Ljouwert. Ten Hoeve krige it liuwke fan kultuerwethâlder Yvonne Bleize op it nijjiersslokje fan it Histoarysk Sintrum Ljouwert en Aed Levwerd.
Ten Hoeve hat de Iepen Monumintendagen opset en der ek foarsitter fan west. Ek stelde hy syn eigen wenhûs iepen yn it ramt fan de monumintendagen.