'Mear froulike boargemasters'

Francisca Ravenstein
Froulike boargemasterskandidaten kinne noch wol in ekstra setsje brûke om ek echt boargemaster te wurden, want dêr binne der noch hieltiden te min fan. Dat sei Kommissaris fan de Keninginne Ed Nijpels woansdei yn Beetstersweach by de ynstallaasje fan de nije boargemaster fan Opsterlerlân; Francisca Ravenstein.
Nijpels fynt dat as by de twa lêste kandidaten ien man en ien frou is de frou beneamd wurde moatte soe.