Treinstasjon by Werpsterhoeke

09 jan 2008 - 15:22

Ljouwert krijt in tredde treinstasjon oan de súdkant. By de Werpsterhoeke komt oer in pear jier in nij stasjon foar reizgers út de nije wyk de Súdlannen.

Yn de Súdlannen komme 20.000 minsken te wenjen: mear as yn bygelyks Harns en De Jouwer. De gemeente hopet dat it nije stasjon betelle wurde kin fan it kompensaasjejild dat earder bedoeld wie foar de oanlis fan de Suderseeline.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)