Slaan sjauffeur net ferfolge

"Slaan sjauffeur net ferfolge"
Justysje hoecht de Burgumer(21) dy't in bussjauffeur sloech net foar de rjochter te slepen. Dat hat it gerjochtshôf yn Ljouwert besletten. De sjauffeur, fakbûn CNV en Arriva fregen justysje ferline jier om de man te ferfolgjen. It iepenbier ministearje joech de man earder in boete fan 150 euro, mar dy straf fûnen CNV, Arriva en de bussjauffeur te licht.
It ynsidint die him foar yn oktober 2006 nei spul oer in strippekaart.