Winkelrút Wolvegea opblaasd

09 jan 2008 - 10:57

De plysje docht ûndersyk nei de fernieling fan in winkelrút oan de Haadstrjitte yn Wolvegea. Unbekenden hawwe yn de nacht fan tiisdei op woansdei in metalen ôffalbak mei swier fjoerwurk opblaasd.

De offalbak stie foar in winkel. Troch de klap is in rút fan de winkel stikken gien wêrtroch ek guod yn de winkel sels skânsearre is. De skea rint yn de tûzenen euro's.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)