Anneke har cd wer te plak

Anneke har CD is wer te plak
Anneke Douma hat it earste eksimplaar fan har nije CD werom. Se rekke de CD snein kwyt op it feest yn de Harmonie yn Ljouwert dêr't de CD presintearre waard. Moandei hat se noch oerenlang oan it sykjen west yn de Harmonie, mar sûnder resultaat.
Tiisdei waard dúdlik dat lûdstechnisy dy't by de presintaasje wiene de CD meinaam hienen. De CD giet meikoarten werom nei Anneke Douma en krijt dan in eareplakje yn har flat.