Noch gjin Fryske buro's ticht

"Noch gjin Fryske buro's ticht"
Der gean dizze wike noch gjin Fryske plysjeburo's ticht fanwege de aksjes fan de plysje foar in better lean. Dat meldt de Nederlandse Politie Bond op syn webside. Yn in oantal gebieten yn Nederlân binne plysjeburo's wol oerenlang ticht.
Mooglik dat de Fryske plysje nije wike wol buro's ticht docht. Yn Fryslân jildt al langer dat der fanwege de aksjes by in oantal oertredings gjin bekeurings útskreaun wurde.