Fryslân op fakânsjebeurs

09 jan 2008 - 07:14

Yn Utrecht begjint woansdei de jierlikse fakânsjebeurs. Ferspraad oer tolve hallen besykje 1.500 standhâlders har produkt oan de man te bringen. Under har is ek in tal Fryske bedriuwen.

Ien fan de Fryske aktiviteiten op de beurs is in alvestêdetocht. Dielnimmers kinne by alve stands op de beurs in stimpel helje. Troch it ynleverjen fan in folle stimpelkaart meitsje se kâns op in priis.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)