Stipe foar Stedsfeesten Dokkum

De stedsfeesten yn Dokkum kinne dochs trochgean
It bedriuwslibben yn Dokkum soarget der mooglik foar dat de stedsfeesten yn Dokkum dochs trochgean kinne. De organisaasje achter de feesten liet koartlyn witte dat der te min jild is om de stedsfeesten dit jier te organisearjen.
It bedriuwslibben is skrokken fan it net trochgean en tinkt no nei oer stipe oan de organisaasje. Hoe't dy der krekt út sjen sil is noch net bekend.