Ungelok mei frachtwein op A7

27 mrt 2012 - 13:01

Op de A7 tusken Aldehaske en De Jouwer hat tiisdei om 'e middei hinne in ûngelok west dêr't in frachtauto by belutsen is. It ferkear dêr moat rekken hâlde mei fertraging.

Der stiet in file fan sawat 4 kilometer fanwege it ûngelok. Ien rydstrook is ticht. It ferkear wurdt omlaat oer de flechtstrook. Mear is op dit stuit noch net bekend.

Trefwurden: 
ûngelok A7 frachtauto
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)