CHN wurdt Stenden University

CHN fierder mei Hegeskoalle Drinte as Stenden University
Stenden University is de nije namme fan de Kristlike Hegeskoalle Noard-Nederlân, de CHN, en de Hogeschool Drenthe. De namme waard tiisdei ûntbleate. Hy stiet foar krêft en is útsocht út 150 foarstellen fan studinten en profesjonele buro's.
Troch de fúzje fan beide skoallen ûntstiet in HBO-ynstelling mei 10.000 studinten en 900 personielsleden. Stenden University wol him mear ynternasjonaal profilearje as de CHN.