Reade sifers driigje foar MCL

Sikehûs MCL yn Ljouwert
Sikehûs MCL yn Ljouwert krijt it de kommende jierren dreech om út ´e reade sifers te bliuwen. Troch it regearingsbeleid wurde de kosten foar thússoarch en intensive care hieltyd heger. Dat is de ferwachting fan de foarsitter fan de ried fan bestjoer, Wander_Blaauw.
Dit jier koe it sikehûs noch mar krekt yn ´e plus bliuwe. Dêr moast flink foar besunige wurde. Blaauw tinkt wol dat it MCL deselde kwaliteit hâldt.