Hamburg dwers by Erfguodlist

De Waadsee by it eilantsje Grient
It is noch mar de fraach oft de Waadsee op 'e Wâlderfguodlist komt. De Dútske dielsteat Hamburg is benaud dat de status beheinings opsmite sil. De farrûte nei de Elbe kin dan mooglik net útdjippe wurde. Dy rûte is fan krusiaal belang foar de stêd.
As it Dútske part fan 'e Waadsee net foardroegen wurdt, bart dat nei alle gedachten ek net mei it Nederlânske part. De oanfraach foar de status moat foar 1 febrewaris by de Unesco lizze.