Alves: Ingelân of Turkije

08 jan 2008 - 13:32

Hearrenfean-spits Afonso Alves is fan doel om him by Hearrenfean te melden mei twa konkrete foarstellen foar in transfer. De goalgetter lit dat wite op syn eigen weblog. De klubs mei de meast konkrete belangstelling binne it Turkse Fenerbahçe en Manchester City út de Ingelske Premier League.

Manchester City soe Alves foar 20 miljoen euro oernimme wolle fan sc Hearrenfean. Alves hat dizze wike frij krigen om de transfer te regeljen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)