Mear besikers Aqua Zoo

08 jan 2008 - 13:18

Bistetún Aqua Zoo yn Ljouwert hat yn 2007 goed tsien persint mear besikers lutsen as it jier dêrfoar. Der kamen 165.000 minsken nei it park. Benammen jongelju, mei en sûnder bern, hawwe it park yn it ôfrûne jier goed besocht. In jier earder wie de groei goed 30 persint.

De bistetún hat útwreidingsplannen foar de kommende jierren. Sa giet it parkearterrein foar in part fuort foar nije bisteferbliuwen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)