Frijspraak foar bioboer

Thom de Groot is frijsprutsen fan wetterfersmoarging
De rjochter hat biologysk boer Thom de Groot út Grou frijsprutsen fan wetterfersmoarging. Hy waard derfan fertocht jarre yn 'e sleat rinne litten te hawwen. Dat wie sjoen troch kontroleurs yn in helikopter en plysjes op 'e grûn.
Der is gjin bewiis dat it om jarre giet, ek al omdat ûndersyk fan it sleatswetter gjin fersmoarging opsmiten hat. Der wie in boete fan 540 euro tsjin De Groot easke.