Parfum stellen yn Boalsert

08 jan 2008 - 10:21

By in ynbraak yn in winkel oan it Merkplein yn Boalsert is yn 'e nacht fan moandei op tiisdei in grutte partij parfum stellen. De stellerij wie om trije oere hinne. De plysje ried foarby en seach de ynbrekkers oan it wurk.

De fertochten naaiden út yn in auto. De plysje gie der achteroan, mar de ynbrekkers koene toch ûntkomme. De plysje hat in buertûndersyk dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)