Dosint wint Gouden Koksmuts

08 jan 2008 - 10:04

Dosint Guido Panjer fan it Friesland College hat de Gouden Koksmuts wûn by de itensiederswedstryd fan de hoarekabeurs Horecava yn Amsterdam. Panjer wurket as learaar by praktykrestaurant Amuse fan it Friesland College yn Ljouwert. Hy hat earder itensiederswedstriden wûn, mar fynt dit syn moaiste titel.

Yn oktober sil Panjer mei it Nationale Kookteam nei it WK yn Erfurt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)