Stipe foar brânwacht Haulerwyk

© Omrop Fryslân
De brânwacht fan Haulerwyk hat de ôfrûne wike stipe krigen út it hiele lân nei oanlieding fan de ynsidinten yn de nacht fan âld en nij. By it blussen waard de frijwillige brânwacht bedrige en bekûgele mei fjoerwurk.
Ut it doarp sels en fier der bûten wei binne lykwols in soad positive berjochten kommen, sa die moandei bliken by in evaluaasje. Foar de measten wie de skok noch altyd grut, mar sette se dochs troch.