Genoatskip wol mear leden

© Omrop Fryslân
It Keninklike Fryske Genoatskip foar Skiednis en Kultuer is útein set mei in ledewerfaksje. It tal leden is de ôfrûne jierren mei inkelde hûnderten werom rûn en dat proses moat keard wurde.
It genoatskip is yn 1827 oprjochte en hat op dit stuit 1500 leden út hiel Nederlân. Doel is om de belangstelling fan de Fryske skiednis en kultuer te befoarderjen. Dêrom moat it tal leden net fierder werom rinne.