Oare guozzen yn Boalsert

07 jan 2008 - 16:38

Boalsert hellet in keppel guozzen út de stêd. Der sitte tefolle sike bisten by. Boppedat feroarsaakje de 22 bisten nochal wat oerlêst yn de buert fan de Eekwerdleane. Bewenners ha lêst fan it leven dat de fûgels meitsje.

Om de tradysje fan de losrinnende guozzen yn stân te hâlden, sil in spesjalisearre bedriuw in lytser keppel guozzen loslitte. Dat sille tsien bisten wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)