CDA twifelt oer Sintrale As

07 jan 2008 - 16:30

Minister Cramer fan VROM moat sels besjen oft de Sintrale As goed ynpast wurdt yn it lânskip. CDA-Keamerlid Ruud van Heugten hat har frege mei de provinsje te oerlizzen oft de dyk tusken Dokkum en Nyegea gjin skea docht oan it lânskip.

It CDA is der net wis fan dat de fjouwerbaansdyk en it bybehearrende bedriuweterrein dat by Quatrebras oanlein wurdt, wol past yn it byld fan de Fryske Wâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)