Molke wurdt djoerder

07 jan 2008 - 15:14

De priis fan molke is dit jier flink tanaam yn ferliking mei begjin 2007. Krige in boer ferline hast 30 euro foar 100 liter molke, no is dat hast 40. Dat makke Friesland Foods bekend. Yn de twadde helte fan foarich jier waard de molke djoerder om't der mear fraach wie yn Azië, it Midden-Easten en Afrika. Ek droechte yn Austraalje en Nij-Seelân spile parten.

De konsumint sil dit jier mear betelje moatte foar molke, sûpe en tsiis.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)