Koart pleit tsjin Bumblebee

07 jan 2008 - 13:49

Der is in boete fan 110.000 euro easke tsjin Bumblebee om't it bedriuw net rjochtmjittich gebrûk makke fan namme en logo fan de Hartstichting. Se ferkeapje kaarten en it jild is foar in goed doel. De Hartstichting sei it kontrakt op om't Bumblebee net oan de ferplichtings foldie. It bedriuw gie troch mei de Hartstichting.

Yn in koart pleit tongersdei wurdt easke dat namme en logo fan de webside ôf moatte, op straffe fan in twangsom.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)