Frysk ûntwerp Barbie is klear

Lauren har winnende ûntwerp is no makke foar in Barbiepop
In Barbiepop mei Fryske klean oan is no te krijen. It ûntwerp is betocht troch Lauren (11) út Winsum. Se wûn in goed jier lyn de wedstryd foar nije Barbieklean. It swart-reade broekpak, is keazen út 8000 ynstjoeringen.
De pop is no fia spesjale aksjes te krijen, lykas promoasje-aksjes fan de fabrikant yn boartersguodwinkels. It plan om it ûntwerp ek yn in bernemaat yn de winkel te ferkeapjen, is net trochgien.