Kommisje praat oer juf Sieb

07 jan 2008 - 13:32

Dizze wike wurdt dúdlik oft juf Sieb Stroosma fan It Raerderhiem yn Raerd weromkomme mei. De bestjoerskommisje iepenbier basisûnderwiis Boarnsterhim praat moandei oer de kwesje. De juf is sûnt heal desimber skorst om't se it net fine kin mei de skoaldirekteur.

It aksjekomitee 'Wij willen Juf Sieb terug' hat frege it beslút fan de skorsing werom te draaien. De âlden ha sein dat se it der net by sitte litte at juf Sieb, nei 16 jier, fuort moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)